Gemeente wurdt hoteleigner

14 jan 2006 - 12:49

De gemeente Ljouwert keapet it Stadhouderlijk Hof tsjinoer it gemeentehûs werom fan de Stichting Monuminten Fryslân, foar mear as twa miljoen euro. Nei de ferkeap hâldt de stifting der mei op. De stifting kocht it Hof yn 1994 fan de gemeente om der in hotel fan te meitsjen.

De gemeente wol as eigner der foar soargje dat dit wichtige gebou foar Ljouwert ek foar de lange termyn behâlden bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)