Diskusje oer takomst Fryslân

© Omrop Fryslân
Der komt in brede maatskiplike diskusje oer de takomst fan Fryslân. Deputearre Steaten ha dêr it inisjatyf foar naam. Oanlieding is it jild dat mooglik beskikber komt út de ferkeap fan de Nuon-oandielen en it Waadfûns.
Fertsjinwurdigers út alle geledingen yn Fryslân kinne meiprate oer wat der mei dat jild yn Fryslân dien wurde kin. In wurkgroep makket op it stuit in plan foar hoe't dy diskusje organisearre wurde moat.