Brân yn Blijf van mijn lijfhûs

© Omrop Fryslân
It Blijf van mijn Lijfhûs yn Ljouwert is freed evakueard fanwege in brân. Alle froulju en bern, mei inoar tritich minsken, binne tydlik ûnderbrocht yn it kantoar fan de Vrouwenopvang Fryslân.
It Blijf van mijn Lijf huis wenje slachtoffers fan húslik geweld. Dy wurde faak noch bedrige troch famyljeleden. Op dit stuit siket de Vrouwenopvang in nij ûnderkommen foar de bewenners.