Kreakers wurkje mei oan ferkeap

13 jan 2006 - 17:42

De twa jongeren dy't al in skoft in pleats op de Gordyk kreakje, sille de ferkeap fan de pleats net yn it paad stean. Dat ha se ôfpraat mei de gemeente Opsterlân. De kreakers sille it gebou oant de ferkeap ta goed beheare.

It ôfrûne wykein is der nochal wat fernield oan de pleats. De kreakers ha dêr neat mei te krijen. Nei't de skea wersteld is, begjint de gemeente mei it ferkeapproses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)