Wa is de bêste reedrider ea?
De Rykuniversiteit Grins makket nije wike bekend wa't de bêste reedrider ea is. De universiteit hat mei in spesjaal kompjûterprogramma de útslaggen fan alle ynternasjonale reedrydwedstriden sûnt 1895 mei elkoar ferlike.
Dêrby is net sjoen nei de punten, mar nei de ûnderlinge ferskillen. De list wurdt nije wike tongersdei nei bûten brocht.