Sven Kramer optimistysk oer rêch

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat hopet net dat syn rêchblessuere fan ynfloed wêze sil op syn prestaasjes dit wykein op it EK-reedriden yn it Noarske Hamar. Kramer is ien fan de grutte favoriten foar de titel.
De 19-jierrige Kramer komt nei Hamar om te winnen, mar hat noch hieltyd lest fan syn rêch. Dochs wol Kramer fan gjin wiken witte. Fraach is fansels wol hoe't de rêch him hâldt.