Parkearplak ynset fan diskusje

13 jan 2006 - 16:58

In handikapteparkearplak oan de Tunen yn Ljouwert sil foar problemen soargje. Dat tinke sawol de man foar wa't it plak ooanlein is as de dakleaze-opfang. It parkearplak leit foar de needútgong fan de opfang.

De man foar wa't it plak oanlein is, is benaud foar skea oan syn auto. En de dakleaze-opfang is benaud dat dy oanspraaklik steld wurdt as der wat mei de auto bart. De gemeente Ljouwert ferwachtet lykwols gjin problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)