Fjirde fertochte Schaaf heard

13 jan 2006 - 16:58

De plysje hat woansdei in fjirde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei de himpkwekerij yn muzyksintrim Schaaf yn Ljouwert. It giet om in 42-jierrige ynwenner fan Ljouwert, dy't der fan fertocht wurdt dat er de tylde drugs ferkocht hat.

De man is nei't er heard wie tongersdei wer frijlitten. De oare trije fertochten binne yntusken ek wer frij. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)