Drêgje nei fermiste man

13 jan 2006 - 16:46

Der wurdt op dit stuit opnij socht nei in 28-jierrige man fan 'e Lemmer. Hy ferdwûn woansdei doe't er oan it wurk wie op camping Scharsterrijn yn Boarnsweach. De man kaam net werom doe't er eefkes nei it húske moast.

Woansdeitemiddei is al drêge yn it wetter om de camping hinne. Dy syktocht is tongersdei fierder gien. De plysje hat ek útsocht oft de man net by famylje of freonen siet. Dat is net it gefal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)