"Texel hoecht net by Fryslân"

13 jan 2006 - 12:11

Der is gjin reden foar it eilân Texel om him oan te sluten by Fryslân. Dat seit de provinsje Noard-Hollân.

Boargemaster Geldorp fan Texel hat sein dat er wol by Fryslân hearre wol, yn reaksje op útspraken fan kommissaris fan de keninginne Borghouts. Dy fynt dat gemeenten mei minder as 30.000 ynwenners fuseare moatte. Op Texel wenje 13.000 minsken. De provinsje Noard-Hollân hat no sein dat foar Texel in útsûndering makke wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)