Fjouwer ûngelokken troch flater

13 jan 2006 - 12:02

De Noarderdwersfeart yn Drachten is troch in mislearre ferkearsremjende maatregel tongersdei feroare yn in libbensgefaarlike dyk. Om de dyk smeller te meitsjen wiene der twa lantearnepeallen op set. De peallen wiene lykwols min te sjen.

Yn koarte tyd hawwe der fjouwer ûngelokken west. Trije auto's hiene blikskea en ien jonge brommerrider moast nei it sikehûs nei't er tsjin in peal oan riden wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)