Nij kontrakt trainers Hark.Boys

© Omrop Fryslân
Trainer Pieter Bijl hat syn kontrakt by sneonshaadklasser Harkemase Boys mei in jier ferlingd. Ek syn assistint Abe Kuipers bliuwt in jier langer. Neffens it bestjoer binne de goeie resultaten en it fertrouwen fan beide kanten de wichtigste reden foar de ferlinging.
Bijl kaam ôfrûne simmer nei de Harkema. Hy wie earder trainer fan de A-jeugd fan SC Hearrenfean en assistent trainer by Heracles. Kuipers wie earder assistint by de Ljouwerter Sweltsjes.