Menaam hat wer stroom

13 jan 2006 - 11:36

Hiel Menaam hat wer elektrisiteit. Woansdeitejûn kamen twa strjitten yn it doarp sûnder stroom te sitten, troch problemen yn de bekabeling. Under oare de bakker hie gjin elektrisiteit, hy hie dêrom syn winkel tongersdei ticht. Ek it Sineeske restaurant hie fan de steuring te lijen.

Elektrisiteitsleveransier Nuon hat sûnt woansdeitejûn dwaande west de steuring te ferhelpen. Tongersdei oan de ein fan de jûn wienen de problemen oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)