Eastmahorn 28e doarp Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Eastmahorn wurdt nei alle gedachten it 28e doarp fan de gemeente Dongeradiel. De ried fan Dongeradiel moat der noch wol oer te set.
Oft it buorskip mei 30 hûzen en aanst 240 fakânsjewenten troch fakânsjepark Esonstêd de doarpsstatus ek krijt, is ôfhinklik fan TPG post. Dy moat in postkoade tawize. Wethâlder Boorsma fan Dongeradiel hopet dat mei in heal jier de doarpsbuorden yn de grûn kinne.