Krityk CDA om referindum

© Omrop Fryslân
It CDA yn Ljouwert hat krityk op de PvdA en PAL/Groen Links. Dy partijen hawwe earder dizze wike oankundige in referindum oan te freegjen oer it projekt Nieuw Zaailand.
Neffens it CDA moatte it net de politike partijen wêze dy't sa'n referindum oanfreegje, mar de ynwenners fan Ljouwert. Dêr is neffens it CDA it referindum foar bedoeld. De partij sil de oanfraach fan de PvdA en PAL/Groen Links dêrom net stypje.