Plysje pakt trije dieven op

13 jan 2006 - 10:05

De plysje hat tongersdei in man en twa froulju út Amsterdam oanhâlden, dy't earder jild stellen hienen by in winkel yn Drachten. De trije hiene jild út in kassa klaud en wiene dêrnei yn de auto útnaaid.

De plysje seach de auto letter op de sneldyk by Beetstersweach. Dêr koenen de trije oanhâlden wurde. Neist it jild waarden yn de auto ek noch oare saken fûn dy't mooglik stellen binne. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)