Korporaasje bout winkelsintrum

© Omrop Fryslân
Corporatieholding Friesland sil de bou fan in nij winkelsintrum op 'e Harkema fersoargje. De wenningkorporaasje is útkeazen omdat dy al ûnderfining hat mei de ûntwikkeling fan winkelsintra.
De Corporatieholding sil earst besjen oft de plannen finansjeel helber binne, dêrnei wurde de plannen útwurke en wurdt de bou begelaat. De wenningkorporaasje docht dat yn opdracht fan pleatslik belang en de ûndernimmersferiening op 'e Harkema.