Fryske-Rie postsegel yn Dútslân

© Omrop Fryslân
Yn Dútslân ferskynt meikoarten in offisjele postsegel mei in opskrift yn ús Frysk. De postsegel ferskynt op 9 febrewaris nei oanlieding fan it fyftichjierrich bestean fan 'e Fryske Rie, it gearwurkingsferbân tusken ús Fryslân en Nord- en Ostfriesland yn Dútslân.
Tanksij in lobby yn it Dútse parlemint hat it ministearje fan finânsjes besletten om de Fryske minderheid in 'Sondermarke' te skinken.