Minder kriminaliteit yn Fryslân

12 jan 2006 - 17:04

Lykas yn it hiele lân is ek yn Fryslân de kriminaliteit fermindere yn 2005. Allinnich it tal geweldsmisdriuwen en de jeugdkriminaliteit binne tanommen. Al mei al is de plysje tefreden oer de sifers.

Dochs makket korpssjef Foeke Wagenaar him wol soargen oer it drankgebrûk ûnder de jongerein op it plattelân. Neffens him is it hieltyd mar ynnimmen fan alkohol in grutter gefaar as it brûken fan harddrugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)