Eanjum krijt nije wenwyk

12 jan 2006 - 13:59

Yn Eanjum wurdt ynkoarten út ein set mei in nije wenwyk. Oan 'e noardkant fan it doarp komme fjirtjin boukavels, fiif wen-wurk-kavels en in supermerk mei wente. Foar de ûntwikkeling hat de gemeente Dongeradiel jild krige út it Ynvestearringsbudzjet Stêdlike Fernijing.

It jild sil ek brûkt wurde foar de sloop en bou fan senioarewenten oan de Burmaniastrjitte en op it plak fan de brânwachtkazerne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)