Aris ferliest troch slappe start

12 jan 2006 - 11:26

De basketballers fan it Ljouwerter Aris ferlearen woansdeitejûn mei 96-99 fan Nijmegen. Yn sporthal It Kealledykje spile de thúsploech yn de earste helte net goed. Doe wie it gat 14 punten: 42-56 foar Nijmegen. De slotfase waard lykwols noch spannend. Aris kaam oant in punt efterstân werom. Mei noch trije sekonden te gean miste Tim Whitworth lykwols de trijepunter.

Aris bliuwt no lêste mei mar twa oerwinningen út tolve wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)