Nijewier krijt der huzen by

© Omrop Fryslân
Nijewier mei útwreidzje fan de gemeente Dongeradiel. Dêrfoar moat in part fan it boskje oan de súdkant fan it doarp wike. Dêr komme dan in pear frijsteande wenten of in twa-ûnder-ien-kap-wente. As kompensaasje foar de kapte beammen moatte op in oar plak nije beammen plante wurde. Nijbou is nedich omdat de Nijewiersters oars út it doarp weilûke, benammen senioaren en jongeren. Troch nijbou kin der mear trochstreaming plakfine.