Chipz komt nei Drachten
De megapopulêre bernepopband Chipz komt nei poppoadium Iduna yn Drachten. Op sneintemiddei 12 maart is de groep te sjen en de besikers krije fergees ranja... en chips.
It is foar it earst dat Kevin, Cilla, Rach-l en Peter yn Drachten optrede. De foarferkeap begjint ynkoarten. It konsert kostet fiif euro.