Promoasje foar auto's op ierdgas

12 jan 2006 - 09:41

Autodealers út Ljouwert en omkriten wiene woansdei te gast yn it stedhûs fan Ljouwert. Dêr krigen sy fan de gemeente útlis oer it nut fan auto's dy't ride op natoerfreonlike brânstof.

Sintraal stie de fiergeande ûntwikkeling fan auto's dy't ride op ierdgas. Nei ferwachting wurdt dat de kommende jierren de nije trend. It is better foar it miljeu en goedkeaper. Yn Ljouwert wurdt ynkoarten útein set mei de bou fan twa ierdgas-tankstasjons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)