De Vries ferlingt kontrakt

© Omrop Fryslân
Reedrider Jeroen de Vries (34) út Sint Nyk hat syn kontrakt mei de Time Out Sportploech mei trije jier ferlingd. De Vries wûn yn 2005 de alternative alvestêdetocht yn Eastenryk.
Begjin desimber rûn De Vries in slimme blessuere op oan twa fan syn ribben. Dat gebeurde by in falpartij yn Eindhoven. Ofrûne snein kaam De Vries wer yn aksje op it NK op keunstiis yn Den Haach. Dêr waard hy sande.