Blowferbod op de Lemmer

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân wol in blowferbod ynstelle foar de hiele gemeente. Oanlieding foar sa'n ferbod is de tanimmende oerlêst fan jongeren dy't op strjitte blowe, bygelyks by jongerensintrum Het Flevohûs op de Lemmer.
De gemeente wol de plysjeferoardering oanpasse sadat der kontroleard wurde kin oft it blowferbod neilibbe wurdt. De ried fan Lemsterlân moat noch wol te set oer it blowferbod.