Fleanende boat komt oan ...

© Omrop Fryslân
The flying inflatable boat, oftewol fleanende rubberboat; dat it nijste fan it nijste yn it assortimint fan Zandbergen wettersport yn Dronryp. Der binne oant no ta allinnich noch mar foto's fan de boat en dy sjogge der like absurdistysk út as it klinkt: in rubberboat dy't fleane kin.
It ding is no op in beurs yn Dusseldorf mar komt mei koarten nei Boot yn it FEC. De rubberboat, of fleantúch, moat sa'n sechtjintûzen euro kostje.