'Museum op âlde plak te djoer'

© Omrop Fryslân
It kostet seker 25 miljoen euro om it Fries Museum op de besteande lokaasje oan de Turfmerk by de tiid te krijen. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro PD yn opdracht fan 'e provinsje. En dy 25 miljoen soene net iens genôch wêze om alle takomstplannen út te fieren.
Deputearre Mulder lûkt op grûn fan it ûndersyk de konklúzje dat allinnich nijbou op it Saailân noch in opsje is. Neffens him is dat in pear miljoen goedkeaper as ferbou oan de Turfmerk.