Arriva begjint proef chipkaart

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva siket 50 minsken dy't meidwaan wolle oan in proef mei de nije OV-chipkaart. Dy proef set yn july op beheinde skaal útein. Twa moanne letter wurdt de proef fierder útwreide.
Op it stuit wurde 130 bussen klear makke foar de proef. By alle yn- en útgongen moatte kaartlêzers oanbrocht wurde. Op in pear stasjons komme oplaadpeallen foar de nije chipkaarten. Arriva hâldt der rekken mei dat it systeem earst net altyd goed wurket.