Referindum oer Saailânplannen

11 jan 2006 - 15:22

Yn Ljouwert komt in referindum oer it Saailân. Dêr moat in nij Fries Museum, mear winkels en huzen komme. It referindum is oanfrege troch de Nieuwe Leeuwarder Partij (NLP). Dy is tsjin de ferhuzing fan it Fries Museum.

Ein jannwaris nimt de ried in beslút, in referindum komt dêrnei. As dat oars útfalt as it beslút fan de ried, kin dy dêr op weromkomme. De plannen foar it Nije Saailân binne tiisdei oan de Ljouwerters presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)