Grut sûnensûndersyk yn Noarden

© Omrop Fryslân
Tsientûzenen Friezen sil frege wurde om de kommende tritich jier mei te dwaan oan in ûndersyk nei de folkssûnens. It wurdt ien fan de grutste ûndersiken op dit mêd dy't ea yn Nederlân hâlden binne.
It Universitair Medisch Centrum yn Grins wol sa in antwurd krije op de fraach hoe't minsken op in sûne wize âld wurde kinne. Yn totaal moatte 165.000 noarderlingen oan it ûndersyk meidwaan.