Konkurrint foar rederij Doeksen

11 jan 2006 - 12:52

In groep ûndernimmers fan Skylge wol begjinne mei in feartsjinst tusken it eilân en Harns. De eigen feartsjinst moat konkurrearje mei de besteande fearboaten fan rederij Doeksen.

De groep Skylger ûndernimmers hie earst plannen om Doeksen sels oer te nimmen, mar dat slagge net. It plan is om mei trije boaten te begjinnen. De kosten fan minimaal tweintich miljoen euro binne gjin probleem, neffens de ûndernimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)