Winkelsintrum moat skjinner

11 jan 2006 - 11:16

It winkelsintrum yn Surhústerfean moat wer troch ien organisaasje skjinmakke wurde. Dat wol de ûndernimmersferiening yn it doarp. Op dit stuit binne de winkellju en ûndernimmers sels ferantwurdlik foar it oprêden fan smoargens, mar net elk docht dat. Dêrtroch is it smoarch by de winkels.

Earder waard it sintrum skjinhâlden yn opdracht fan de ûndernimmersferiening, mar dy hat de jildkraan tichtdraaid fanwege besunigingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)