Krityk op rol gemeente Ljouwert

11 jan 2006 - 10:53

It is de skuld fan de gemeente dat de himpkwekerij by muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert net folle earder ûntdutsen is. Dat seit Gijs Jacobse fan de Nieuwe Leeuwarder Partij.

Neffens Jacobse wie de wietplantaazje earder ûntdutsen as de gemeente de brânwacht stjoerd hie foar in kontrôle op de brânfeiligens. De plysje seit al seis wike op de hichte west te hawwen fan mooglik yllegale praktiken yn it muzyksintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)