Meindert Talma it teater yn

11 jan 2006 - 10:27

De earste teaterfoarstelling fan Meindert Talma & The Negroes giet woansdei yn premjêre yn Grins. Freed wie de try-out yn Iduna yn Drachten. De foarstelling is in filmysk leafdesferhaal, makke mei mediakeunstner Jan Klug.

By de bylden spylje it plattelân, erotyk en religy in rol. De band spilet om sa te sizzen de soundtrack by de film. De foarstelling hjit 'Iemand moet het doen'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)