Plafondplaat swimbad dondert del

© Omrop Fryslân
Swimbad de Boekhorst yn Easterwâlde is foarearst ticht. Ien fan 'e platen is snein nei beneden fallen. It swimbad wie iepen, mar gjinien rekke ferwûne. De gemeente Eaststellingwerf hat yn oerlis mei de behearder besletten dat alle plafondplaten better fêstset wurde moatte.
Te min ûnderhâld is nei alle gedachten de reden dat de plafondplaat nei beneden kaam. Hoelang it ûnderhâld krekt duorje sil is noch net bekend.