Hafkamp wiist Willemskade ôf

11 jan 2006 - 05:52

De Willemskade yn Ljouwert is gjin lokaasje mear foar in gebrûkersromte foar drugsferslaafden. Dat skriuwt wethâlder Hafkamp yn har útnoeging foar in ynformaasjegearkomste oer de gebrûkersromte.

De deiopfang oan de Sudergrêftswâl en in boat oan it Hoeksterein binne no noch oer. It gebou oan de Willemskade is oankocht troch sakeman Riedstra. De ynformaasjegearkomste is takom wike woandei yn De Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)