Grut lânskipspark by Drachten

11 jan 2006 - 05:52

By Drachten moat in lânskipspark fan tachtich bunder grut komme, sa wol it CDA yn 'e gemeente Smellingerlân. It punt is opnommen yn it program foar de riedsferkiezings yn maart. Besikers moatte harren in hiele dei fermeitsje kinne op kuier-, fyts- en hynsterûtes. Ek wettersporten moatte mooglik wêze.

Der binne trije mooglike lokaasjes: de súdkant fan Drachten by Koartehimmen, by Boarnburgum of de Folgersterleane, krekt bûten it plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)