Age Hains Boersma nei SC H' veen

10 jan 2006 - 22:05

Spits Age Hains Boersma (23) fan sneinshaadklasser VV Snits hat in kontrakt tekene by SC Heerenveen. It kontrakt giet 1 july yn.

Boersma skoarde foar Snits dit seizoen al 14 doelpunten. Hy stie by ferskate klubs yn de belangstelling. Ferline wike ketste in transer nei FC Grins ôf, omdat Boersma net genôch trochpakte nei de sin fan de klub. By Sportclub Heerenveen moat er de striid oan mei ûnder oare Samaras en Tarvajärvi.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)