UMTS-mêsten op lange baan

10 jan 2006 - 17:04

Yn Smellingerlân komme foarearst gjin UMTS-mêsten foar breedbântelefony. It gemeentebestjoer is dêrop tsjin. Der binne ferskate oanfragen foar pleatsing fan de mêsten, mar in soad omwenners fertrouwe it net. De gefolgen foar de folksûnens fan de strieling binne nammentlik noch net bekend.

De oerheid docht op it stuit ûndersyk nei dy gefolgen foar de folkssûnens. De gemeente wol de útkomsten fan it ûndersyk earst ôfwachtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)