Medysk dossier feroarje

10 jan 2006 - 15:58

Twa op de trije pasjinten wit net dat se sels wizigings foarstelle kinne yn it medysk dossier fan de húsarts of de spesjalist. Dat makket it Pasjinte- en Konsuminteplatfoarm Fryslân bekend.

Meiwurkers hawwe pasjinten yn 'e wachtkeamer ûnderfrege. De measten witte fan it rjocht it dossier yn te sjen en op in twadde ûndersyk. Yn Fryslan binne goed sechtich minsken ûnderfrege, lanlik wiene it der goed santjinhûndert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)