FNV fiert aksje by Hajé

10 jan 2006 - 15:43

Fakbûn FNV wol mooglik by de rjochter de nije hoareka-CAO ûntbine. Fakbûn De Unie hat dy ôfsletten, wylst FNV en CNV dêr neat fan wisten. De CAO jildt ek foar harren leden. De FNV is net tefreden oer de CAO.

Bestjoerders fan it FNV fierden tiisdei aksje by it Hajé Restaurant op It Hearrenfean. Besikers joegen in briefke oan it personiel. Foar dy foarm is keazen omdat by in eardere aksjes de FNV'ers it restaurant útset wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)