Brânwacht skokt nei himpfynst

10 jan 2006 - 14:42

De brânwacht is skokt troch de fynst fan in himpkwekerij yn Muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert. Wurdfierder Beuving begrypt net dat de eigners fan de kwekerij sa'n grut risiko naam ha, troch in brângefaarlike situaasje ta te stean flakby in kompleks dêr't geregeld in soad minsken komme.

De plysje ûntduts de plantaazje moandei yn Sealen Schaaf. It gie om in profesjonele kwekerij mei sa'n tûzen planten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)