Sollisitearje op eigen baan

10 jan 2006 - 11:22

Alle meiwurkers fan de gemeente Boarnsterhim moatte sollisitearje, mar de measte minsken krije dêrnei har âlde funksje werom.

Boarnsterhim sil reorganisearje en ien fan de saken dy't feroaret, is de wize wêrop't de ôfdielings yn it gemeentehûs opset binne. Fan takom maitiid ôf komt der in twakoppige direksje, dy't fjouwer grutte ôfdielings oanstjoert. Soks moat de tsjinstferliening foar de boargers ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)