Soargen oer berikberens Skylge

© Omrop Fryslân
Boargemaster Visser fan Skylge hat soargen oer de berikberens fan it eilân. Der is noch altyd gjin konvenant sletten oer de feartsjinsten nei Skylge en Flylân. Visser is benaud dat eilanners en besikers it slachtoffer wurde fan in konkurrinsjestriid.
Op it stuit fersoarget rederij Doeksen de feartsjinsten noch. Doeksen en it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat prate al skoften oer ferlinging sûnder dat dat wat opsmyt.