Rick Hoogendorp nei Hearrenfean?

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat belangstelling foar RKC spits Rick Hoogendorp. Dat binne alteast de geruchten dy't de ronde dogge op ferskate ynternet sites. Hoogendorp(31) hat yn Waalwyk noch in kontrakt oant de simmer fan 2007.
Hearrenfean rekke spits Klaas Jan Huntelaar ferline wike kwyt oan Ajax. De club sjocht om him hinne nei mooglike nije spilers. Mar oft Hoogendorp dêr ek by heart woe Hearrenfean moandei net befestigje.