Plannen Aldeboarn gean net troch

© Omrop Fryslân
De plannen fan in ynvestearder út it Westen om in grut tal bedriuwspanden yn Aldeboarn te keapjen, rinne op neat út. Keizer út Alkmaar soe ûnder oare it hotel yn it doarp keapje en noch fjouwer oare gebouwen. Dêr woe er ferskate foarsjennings realisearje, lykas winkels en in lyts teater om toeristen nei it doarp te krijen. Dat liket no net troch te gean.
Seker ien fan de dupearre ferkeapers sil no juridyske aksje ûndernimme.