'Lanlik eksamen MBO ôfskaffe'

© Omrop Fryslân
It lanlike eineksamen op MBO-skoallen moat ôfskaft wurde. Yn stee dêrfan moatte learlingen yndividueel toetst wurde oft sy geskikt binne foar in ferfolchoplieding of in baan. Dat fynt Twadde-Keamerlid Jacques Tichelaar. Op dy wize soe it eksamen better oanslute op de nije wize fan lesjaan, it saneamde Nije Learen.
Der is in soad krityk op de nije ûnderwiisfoarm dêr't mear yndividuel en praktysk les jûn wurdt.