Harksit oer Frysk by plysje

© Omrop Fryslân
In harksit op moandei 16 jannewaris, moat útslútsel jaan oer oft plysjes yn Fryslân al of gjin Frysk ferstean moatte. Gjalt Jelsma fan Boksum hat in offisjele klacht yntsjinne nei't er oanjefte dwaan woe fan in stellen fyts, en de plysje dy't er spruts oanjoech dat er him net ferstean koe.
Ferskate minsken hawwe by de provinsje oanjûn dat se har ferbrekke moatte by de plysje. Neffens ôfspraken tusken Ryk en provinsje soe dat net kinne meie.