Fryske oanjefte dreech by plysje

© Omrop Fryslân
De plysje yn ús provinsje giet net goed om mei de Fryske taal. Minsken dy't bygelyks oanjefte dwaan wolle yn it Frysk, krije soms nul op it rekest.
De provinsje Fryslân makket him dêr soargen oer en hat in brief stjoerd nei boargemaster Dales fan Ljouwert, de korpsbehearder. Dy moat de plysje derop wize dat de Fryske plysjes yn alle gefallen it Frysk ferstean moatte. Der wurdt al praat fan in twadde Kneppel- freed, de reboelje om it Frysk yn 1951.